Baggerjen Drachtster Feart begûn

© Omrop Fryslân
It Drachtsterfeartprojekt hat ien jier fertraging oprûn troch it skrassen fan in wichtige miljeufergunning yn 2002. De Ried fan Steat oardiele ferline jier dat in in miljeu-effektrapportaazje (MER) nedich wie foar de oanlis fan in lûdswâl mei fersmoarge grûn. Dat soarge foar fertraging.
Dizze wike is it baggerjen fan de Drachtster Feart begûn. De earste ferbining nei it iepen wetter moat ein dit jier al realisearre wêze.