Stedswachten komme yn tsjinst

© Omrop Fryslân
Ljouwert nimt tritich stedswachten yn tsjinst. Foar achttjin oaren wurdt passend wurk socht. Dat hat de ried woansdei besletten. Stadswacht Fryslân koe de besunigingen fan it ryk op de subsidiearre banen net opfange. Fjouwer euroton ekstra stipe fan de gemeente wie ek te min.
Dêrom nimt de gemeente de stedswachten sels yn tsjinst. In soad stedswachten wienen benaud oer har takomst en kamen manmachtich op de riedsfergadering ôf.