Underwiisdebat op NHL

© Omrop Fryslân
50 miljoen euro is der nedich om de efterstannen yn it Fryske ûnderwiis yn te rinnen. Dat seit Rinze Boersma, direkteur fan ûnderwiistsjinst GCO Fryslân. By in debat op de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert pleitte er woansdei foar in pûde mei jild en in 'taskforce'.
It debat wie organisearre troch de Ljouwerter Krante. Likernôch in kwart fan de Fryske skoalbern hat in efterstân mei taal en rekkenjen.