Skaters meie noch even skate

© Omrop Fryslân
De skaters dy't in bedriuwshal yn Ljouwert kreake hawwe, meie dêr foarearst bliuwe. Oant 13 jannewaris meie se skate yn de lege hal op it yndustryterrein West. Dat bepaalde de rjochtbank woansdei yn in koart pleit.
De saak wie oanspand troch de eigner fan de bedriuwshal dy't de jongeren der sa gau mooglik út ha wol. De eigner wol it gebou ferhiere. De skaters meie no noch 7 wike skate, dan moatte se drút. Wêrhinne is noch net dúdlik.