Gjin bom yn Makkum fûn

26 nov 2003 - 00:00

Yn de Oude Nieuwbuurt yn Makkum leit gjin âlde bom. Dy konklúzje lûkt de gemeente Wûnseradiel. Sân dagen lang hat in spesjalisearre bedriuw op syk west nei it projektyl, mar se hawwe neat fûn.

Mei it sykjen waard begûn op oanwizing fan guon bewenners. Dy wisten har yn 't sin te bringen dat yn it gebiet in bom fallen wie. De gemeente giet der no fan út dat der feilich boud wurde kin. Yn de strjitte wurde nije wenten boud.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)