Besunigings ynternaten útsteld

25 nov 2003 - 00:00

De twa skippersynternaten yn Fryslân binne rêden fan de ûndergong. De besunigings dy't minister Hoogervorst oankundige, geane foarearst net troch. It Roefke yn Ljouwert en Het Kompas op De Lemmer binne bliid mei it útstel.

Yn 2005 wurdt besjoen oft de ynternaten noch 10 prosint fan de personielskosten ynleverje moatte. De ferwachting is dat de ynternaten groeie om't mear skippers har bern op it ynternaat ûnderbringe sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)