Byld Eppie Dam yn Boalsert

25 nov 2003 - 00:00

Boalsert hat der in keunstwurk by: oan de Snitserpoarte is tiisdei in brûnzen byld fan keunstner Eppie Dam ûntbleate. It byld is oanbean troch de stifting Weeshûs Boalsert omdat it op de kop ôf 450 jier lyn is dat der yn 'e stêd in weeshûs oprjochte waard. It byld stelt in weesbern mei syn fâd foar.

De gemeente Boalsert wol no in eigen bylde-belied ûntwikkelje en tenei by nije bestimmingsplannen rekken hâlde mei plak foar byldzjende keunst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)