Wetten foar sportklubs ûndúdlik

25 nov 2003 - 00:00

Sportferieningen witte faak net watfoar regels der binne. De Arbeidsynspeksje kin sa in tal klubs bekeure of sels de kantine slute om't se net foldogge oan de ARBO-wet.

SPORT Fryslân hâlde moandei yn Frjentsjer in temajûn oer de regels foar sportklubs. Bestjoerders fan 50 ferieningen praten mei saakkundigen oer de ferskate wetten en fersekeringen. In soad klubs reitsje it oersjoch kwyt troch al dy nije regels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)