Hearrenfean wol gau nije trener

© Omrop Fryslân
Hearrenfean wol foar 1 jannewaris dúdlikens ha oer de opfolger fan trener Foppe de Haan. Dat hat foarsitter Riemer van der Velde sein.
Dit wykein waard yn lanlike media de namme fan Johan Neeskens neamd as gadingmakker. Neffens Van der Velde doocht dat net en is der noch gjin listje mei nammen. Wol is dúdlik dat der yn alle gefallen praten wurdt mei Gert-Jan Verbeek, âld-assistint by Hearrenfean en no trener by Heracles.