Beammen by Rinsma Pôle fuort

24 nov 2003 - 00:00

By it natoer- en rekraasjegebiet Rinsma Pôle by Driesum moat mear as de helte fan de beammen kapt wurde. Dat advys hat de gemeente Dantumadiel krigen fan grien-eksperts fan Trion.

Moandei is in plan presintearre om fan Rinsma Pôle wer in moai rekreasjegebiet te meitsjen dat past yn it greidelânskip. Neist it kapjen fan beammen, wurdt ek foarsteld om in lyts strân oan te lizzen by de Zwemmer. Dantumadiel fielt wol foar it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)