Frou omkommen by ûngelok

24 nov 2003 - 00:00

By De Tynje is moandeitemoarn in frou fan 23 út Nij Beets om it libben kaam. Dat barde troch in ûngefal op de Rolbrêgedyk. De frou fytste om healwei achten fan Nij Beets nei De Tynje. Flak foar de beboude kom fan De Tynje waard se fan efter oanriden troch in frachtwein. De frou wie op slach dea.

De plysje is op syk nei tsjûgen fan it ûngelok. De plysje wol ek graach yn kontakt komme mei in kraanmasjinist dy't yn de omkriten wie.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)