Twa kear ynbraak yn tsjerke

© Omrop Fryslân
Yn de grifformearde tsjerke oan de Boargemaster Falkenawei op It Hearrenfean is it wykein twa kear ynbrutsen. De ynbrekkers kamen der yn troch in rút oan de efterkant fan de tsjerke.
Yn it gebou binne inkele doarren fernield. De dieven hawwe wat euro's en twa flessen drank stellen. Besocht is in klûs iepen te brekken, mar dat mislearre. Der is oanjefte dien en de technyske resjerzje ûndersiket de saak.