Plysje belutsen by jongerein

23 nov 2003 - 00:00

De Fryske plysje wurdt ynkoarten better belutsen by de lokale jongereinsoarch. Dêr sille de plysje en de provinsje Fryslân ynkoarten in konvenant oer slute. Dat hat te krijen mei de nije organisaasje fan de jongereinsoarch.

Der komt ien loket foar alle problemen fan de jongerein mei in grut tal stipepunten yn de provinsje. Hoe't de plysje dêrmei omgiet stiet dus yn it konvenant. In soad probleemjongeren komme fia de plysje by de jeugdsoarch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)