Skilderijen wer werom yn tsjerke

23 nov 2003 - 00:00

Fyftjin skilderijen fan de Fryske skilder Otto de Boer binne sneon wer feestlik yn gebrûk nommen yn Dronryp. De skilderijen út de 19e ieu hingje wer yn de Rooms Katolike Parochytsjerke. It giet om ien grut altaardoek en fjirtjin saneamde kruiswegstaties. It opknappen dêrfan hat sa'n heale ton koste.

Foar de restauraasje fan de tsjerke sels is ek noch in slompe jild nedich. De ferkeap fan in pear skilderijen soe dêr by helpe kinne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)