Fúzje tsjerken fertsjinnet stipe

23 nov 2003 - 00:00

De protestantske tsjerken moatte har ferdieldheid fan it ferline ferjitte en mei faasje en fertrouwen de fúzje oangean ta ien Feriene Protestantske Tsjerke. Dat sei direkteur Daan Postma fan it kristlike ROC Friese Poort snoen by in paneldiskusje op de earste tsjerkedei op It Hearrenfean.

Op 12 desimber beslute de herfoarme, grifformearde en Lutherske tsjerken definityf oer de fúzje. Noch hieltyd binne der gemeenten dy't twivelje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)