Protest tsjin opheffen bushaltes

23 nov 2003 - 00:00

De aksjegroep Bushaltes Ja! hat dit wykein protestbuorden pleatst by bushaltes yn de wyk Lemster Feart op 'e Lemmer. De aksjegroep protestearret dêrmei tsjin it opheffen fan de haltes troch ferfierder Arriva.

Arriva wol de haltes fan line 42 fan Emmeloord nei Snits opheffe om't se yn tiidneed komt troch de slach dy't de bus troch de wyk makket. De protest- buorden binne in ferfolch op eardere aksjes foar it behâld fan de haltes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)