SP seit gearwurking SNN op

© Omrop Fryslân
De SP-Steatefraksjes fan Fryslân en Grinslân hawwe har lidmaatskip fan SNN opsein. De partij fynt dat dit gearwurkingsferbân fan de trije noardlike provinsjes him hieltyd mear as in fjirde bestjoerslaach jilde lit. De SP winsket dêr net oan mei te dwaan.
Yn in brief oan SNN-foarsitter Alders neamt de Sosjalistyske Partij as oanlieding de mienskiplike steate- gearkomste fan 19 novimber. Dy soe in te beslútfoarmjend karakter hân hawwe.