Bacon en Bones wint Liet 2003

© Omrop Fryslân
Bacon en Bones is de winner wurden fan Liet 2003. Yn in folle stedsskouboarch De Harmonie wûn de groep sneon mei it liet 'It allerheechste guod' wêrfan't tekst en muzyk makke is troch Dirk Spek. De publykspriis wie foar Meänder mei it liet Libbensstream. De tekst fan dat liet is fan Wiebe van der Mei mei muzyk fan Douwe Bouma.
Foar Liet 2003 wiene 58 ynstjoerings ynkaam wêrfan't de 11 bêsten har sneon yn de Harmonie hearre litte mochten.