Harkemase Boys ferlieze út

© Omrop Fryslân
De Harkemase Boys ferlearen sneon út tsjin Genemuiden mei 3-2. Yn de earste minuten waard it al 0-1 foar de Boys, mar nei in penalty yn de fjirtjinde minút stie it alwer lyk mei 1-1. Troch in minne ferdigening kaam Genemuiden mei 3-1 foar te stean.
De Harekiten kamen tsjin de ein fan de wedstriidd werom. Sander Hartman skoarde út in foarset fan Tony Alberda de 3-2. It slagge de Boys lykwols net om de gelykmakker te meitsjen.