Grutte ferkearskontrôle op A6

22 nov 2003 - 00:00

De plysje Fryslân en de plysje Flevolân ha freedtejûn in grutte ferkearskontrôle holden op de A6 tusken Bant en De Lemmer. By dy kontrôle wiene 180 meiwurkers fan ûnder oaren plysje, maresjaussee en douane belutsen.

De kontrôle smiet yn fiif oeren tiid tachtich oertredings op. Njoggentjin minsken rieden yn in auto dy't net apk- keurd wie en yn alve gefallen wie de ferljochting net yn oarder.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)