10.000 euro tipjild saak-Haule

22 nov 2003 - 00:00

Justysje jout 10.000 euro foar de tip dy't liedt nei de oanhâlding fan de dieder yn de moardsaak fan De Haule. Kafeebaas Fokko Werkman waard inkelde wiken lyn dea fûn yn syn kroech De Turfstekker.

It ûndersyk yn de saak sit fêst. Fertochte Sipke Doller út Haulerwyk waard earder dizze wike frijlitten om't syn DNA net oerienkaam mei dat fan de bloedspoaren dy't op it lichem fan Werkman oantroffen binne.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)