Lêste dei fabryk Olterterp

© Omrop Fryslân
It suvelfabryk fan Olterterp hat freed nei hûndert jier definityf de doarren sletten. Foar it lêst rôlen de tsizen fan de rinnende bân. De sluting is ûnderdiel fan in lanlike reorganisaasje fan Friesland Coberco, der't it bedriuw sûnt 1998 ûnder falt.
De measte fan de fjirtich wurknimmers geane nei oare fabriken. De sluting hat al foar argewaasje soarge by it personiel; it fabryk draaide noch nea mei ferlies. It gebou stiet no te keap.