Bettere thússoarch Jobbegea

21 nov 2003 - 00:00

Alderen yn Jobbegea en Hoarnstersweach kinne tenei miskien langer thús wenjen bliuwe. Oant no ta wie thússoarch net goed genôch regele op dy doarpen, sadat âlderen úteinlik faak ferhúzje moasten nei bygelyks Hearrefean.

De doarpsbewenners sels binne tsjin dizze sitewaasje yn aksje kaam en ha it Plan de Kompanije makke. It plan stribbet nei mear soarch yn 'e hûs, oanpassings oan hûs en de bou fan tolve senioarewenten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)