KNSB en riders slute akkoart

© Omrop Fryslân
De oankundige protestaksjes fan riders tsjin de KNSB by de World Cup fan dit wykein geane net troch. De KNSB hat nammentlik in akkoart berikt mei de profploegen oer saken as startjild en kleanlogo's. It akkoart jildt oant en mei de Olympyske Spullen fan 2006.
De ûnderhannelings ha al mei al oardel jier duorre. De útkomst is no dat de KNSB fjouwer fan 'e seis logo's op it reedriderspak 'krijt', de oare twa logo's binne foar de eigen sponsor.