Gemeenten easkje ekstra wenten

© Omrop Fryslân
Menameradiel en Ljouwerteradiel klaime foar de kommende jierren ekstra wenten fan de gemeente Ljouwert. Dat die freed bliken by it oerlis fan Ljouwert mei de omlizzende gemeenten.
Boarnsterhim, Littenseradiel en Tytjerksteradiel hawwe yn it oerlis dúdlik makke dat sy wol har soargen hawwe oer it tal wenten dat Ljouwert oant no ta boud hat. Sy klaime foarearst lykwols noch gjin ekstra wenten fan Ljouwert.