Kultuer-histoary behâlde

© Omrop Fryslân
De provinsje Fryslân en de gemeente Dantumadiel hawwe tongersdei yn Feanwâlden in yntinsje-oerienkomst ûndertekene oer it behear fan kultuer-histoaryske saken. Dat betsjut dat by it meitsjen fan romtlike plannen goed sjoen wurdt nei skaaimerken mei kultuer-histoaryske wearde. Sels besteande bestimmingsplannen wurde der op oanpast. De provinsje wol mei mear gemeenten sokke oerienkomsten slute.