Nije stichting Bêd-en-Brochje

21 nov 2003 - 00:00

De oanbieders fan Bêd-en-Brochje- adressen hawwe in feriening oprjochte dy't it wurk dwaan moat, dat earder troch it Noord Nederlands Bureau voor Toerisme dien waard. Om't it NNBT fallyt is, drigen de B&B-oanbieders har begelieding en basis kwyt te reitsjen.

De nije feriening telt mear as 50 leden en giet fierder ûnder de beskerme namme Bêd-en-Brochje. De earste fernijing is dat de standertpriis fan 18,50 euro foar in oernachting loslitten wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)