Gebou De Deur sletten

© Omrop Fryslân
Evangelyske gemeente De Deur yn Ljouwert moat op syk nei in nij tsjerkegebou. It gebou fan De Deur oan de Foarstreek is net brânfeilich en dêrom op lêst fan de gemeente Ljouwert sletten en fersegele.
Sa binne de flierbedekking en de gerdinen brângefaarlik. Trije kear per wike komme sa'n 80 minsken by de tsjinsten yn de tsjerkeseal op de twadde ferdjipping. Dy tsjerkeleden moatte no nij ûnderdak sykje.