'Bauer mei wol by begraffenis'

20 nov 2003 - 00:00

It bisdom Grins, dêr't ek Fryslân ûnder falt, is net fan doel om de muzyk fan Frans Bauer by útfearttsjinsten te ferbieden. Dat lit in wurdfierder wite. It bisdom Den Bosch hat tongersdeitemiddei regels presintearre, dy't oanjouwe wat wol en net mei by in roomske begraffenis.

Sa past it draaien fan in cd fan Frans Bauer der net by. Ek mei de ferstoarne net te folle ferhearlike wurde, lykas troch it foardragen fan gedichten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)