Foppe: hâld op mei smoken

© Omrop Fryslân
Foppe_de_Haan docht mei oan de aksje om minsken fan it smoken ôf te helpen. ´Nederland start met Stoppen´ is de grutste lanlike kampanje dy´t der oait west hat. De fuotbaltrener fan SC_Hearrenfean ropt fjouwer miljoen Nederlanners op om mei yngong fan 1 jannewaris op te hâlden.
De oprop wurdt dien yn televyzjespots en yn advertinsjes. Aktrise Tanja_Jess en Jan_Keizer fan BZN dogge ek mei.