Aksje tsjin stuntprizen molke

20 nov 2003 - 00:00

By de Aldi op De Jouwer ha melkfeehâlders tongersdei aksje fierd tsjin de stuntprizen foar molke. De prizeoarloch yn de supermerken is oergien nei de suvel.

De melkfeehâlders binne benaud dat de legere winkelprizen gefolgen ha foar har ynkommen. Se leverje de molke al 12 sinten ûnder de kostpriis. As de stuntprizen lang oanhâlde, krije se noch minder foar in liter molke. Mooglik folgje der mear aksjes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)