Gjin stipe mear foar Filmsintrum

© Omrop Fryslân
De subsydzje foar it Frysk Filmsintrum yn Ljouwert wurdt skrast. It sintrum organisearret al 25 jier it Noardlik Filmfestival. It skrassen fan 56.000 euro betsjut de ein fan it festival neffens direkteur Van Renssen.
De lêste edysje fan it festival luts in rekord tal besikers fan 23.000. De provinsje fynt dat de besikers mear betelje moatte sadat it festival bestean bliuwe kin. It skrassen fan de stipe kostet banen by it filmsintrum.