Earste militêren werom út Irak

19 nov 2003 - 00:00

De earste militêren binne ôfrûne wike werom kaam út Irak. Tiisdei kaam ek Siem den Hollander út Marrum nei seis moanne thús. Yn Irak moast er mei 1100 minsken fan de lânmacht, loftmacht en marine de feiligens bewake.

Ek ha se skoallen opboud en soarge foar de distribúsje fan iten. It gebiet dêr't de militêren sieten, is oardel kear sa grut as Nederlân. De twadde ploech hat de taken no oernaam en sil noch 2 oant 4 moanne yn Irak bliuwe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)