Linebeammen op L. Piip Ljouwert

19 nov 2003 - 00:00

Twa linebeammen moatte de Lange Piip yn Ljouwert wer wat oanklaaie. In soad Ljouwerters fine de brêge en de Nijstêd mar wat keal en ûngesellich sûnt de werynrjochting fan 1999.

De gemeente hat dêrom besluten om mear grien yn de binnenstêd te pleatsen. Der komme ek bankjes en ferljochting by de beammen. Dy wurde takom jier plante as der op 'e nij strjitstiennen yn de Nijstêd lein wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)