Wer op syk nei de bom yn Makkum

© Omrop Fryslân
Leit der echt in bom yn Makkum of net. Saakkundigen út Riel binne woansdei begûn mei it sykjen nei it eksplosyf. Dêrby wurdt der fanút gien dat de bom net djipper leit as 2,5 meter.
Op it plak dêr't de bom mooglik leit, wurde nije apparteminten boud. De bom soe yn de Twadde Wrâldoarloch by de Doniastrjitte delkommen wêze. It kin wêze dat de bom yn modder sit dat al ôfgroeven is. Is dat net sa, wurdt op de boulokaasje djipper socht.