Untslaggen by praktykskoalle

© Omrop Fryslân
By PTC Plus yn Oentsjerk, better bekend as de Praktykskoalle, falle nei alle gedachten tsientallen ûntslaggen. It personiel wurdt dizze dagen ferteld wa't der krekt út moat. By de seis festigings yn it lân wurde meiinoar 110 minsken ûntslein.
De direksje sil woansdei fertelle wat de ûntslaggen krekt foar Oentsjerk betsjutte. De praktykskoalle fersoarget opliedings en staazjes op it mêd fan 'e lânbou.