Studinten yn bedriuwsgebouwen

© Omrop Fryslân
Bedriuwsgebouwen as oplossing foar de wenteneed ûnder studinten yn Ljouwert. Dat foarstel dogge B en W oan 'e gemeenteried. As it troch de ried komt, kin it oer in moanne oangean.
It eardere hotel De Pauw oan 'e Stasjonswei wurdt no al ree makke foar studintehúsfesting. De gemeente hat ek twa lege bedriuwsgebouwen oan 'e Willem Loréwei op it each. Al mei al soene der 200 ekstra wenten bykomme, wylst der hûnderten nedich binne.