It Bilt helpt Litouwen

© Omrop Fryslân
De gemeente It Bilt hat in helptransport opset nei Litouwen ta. It giet net om healsliten spul, mar om knap guod fan skoallen, muzykferienings en de gemeente sels. Yn 'e Baltyske Steat wurdt it spul brûkt yn biblioteken, skoallen en doarpshuzen. Tiisdei gie wer in transport dy kant op.
Sûnt 1997 ûnderhâldt de gemeente kontakten mei de plattelânsgemeente Panevezys. As alles goed giet, komt it transport tongersdei oan yn Litouwen.