Protestaksje fan handikapten

18 nov 2003 - 00:00

Lichaamlik handikapten hawwe tiisdei aksjefierd tsjin de besunigingsplannen fan it kabinet-Balkenende. Sawat ientredde fan harren libbet op dit stuit ûnder it sosjaal minimum en dat wurde noch mear as de besunigings trochgeane.

Yn Fryslân giene acht ynstellings op 'e barrikaden. Sa 'ketenen' bewenners fan 'e ynstelling Kompas yn Drachten harren symboalysk fêst oan it gebou. Se diene dat mei plysje-ôfsetlint.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)