Boete foar radarferklikker

© Omrop Fryslân
Automobilisten mei in radarferklikker kinne fan takom jier ôf in boete krije fan 250 euro. De plysje let by kontrôles tenei ek op de apparaatsjes dy't warskôgje foar in snelheidskontrôle. It ministearje wol ek oare laserapparaten ferbiede.
Tsjinstanners leauwe net dat it ferbod al op 1 jannewaris yngiet. Advokaat Anker fan Ljouwert is ynhierd troch in fabrikant fan radarferklikkers, dy't tsjin it ferbod is.