Mear dotterbehannelings yn MCL

© Omrop Fryslân
Sikehûs MCL yn Ljouwert wreidet it tal dotterbehannelings de kommende jierren flink út. Op 1 jannewaris takom jier begjint it sikehûs mei in nij hertsintrum. Dêr soenen 750 pasjinten yn it jier dottere wurde, mar it MCL ferwachtet dêr 1250 fan te meitsjen.
Yn it nije sintrum wurde ek iepen hert-operaasjes útfierd wurde, likernôch 750 yn it jier. Dat moat genôch wêze om alle Fryske pasjinten te helpen.