Drokte by 'keunst of kitsch?'

17 nov 2003 - 00:00

Is it keunst of is it kitsch? Foar in antwurd op dy fraach kamen moandei tolvehûndert minsken nei it Frysk Museum yn Ljouwert. Dêr wie de opname fan it tillevyzjeprogramma "Tussen kunst en kitsch".

Yn inkele gefallen kamen der moaie, djoere keunstikken oan it ljocht. Mar foar de measte minsken rûn de dei út op in lytse en soms grutte teloarstelling. Uteinlik kamen der tsien stikken yn de útstjoering.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)