Rampeplannen net goed

© Omrop Fryslân
De rampebestriding foar Fryslân stiet net goed op papier. Neffens de ynspeksje foar iepenbiere oarder en feiligens hinget der tefolle ôf fan ymprovisaasje.
Wat der krekt barre moat by rampen, sit wol yn 'e holle fan minsken, mar stiet net op papier. Dat komt trochdat de brânwacht lang te min minsken hân hat. Yntusken wurdt hurd wurke oan in beskriuwing fan de prosedueres. As dat klear is komt der in oefening.