Aksje fan handikapten

© Omrop Fryslân
Handikapten komme tiisdei yn aksje tsjin in flinke ferheging fan de eigen bydrage oan de soarch. Derneist wurdt it eigen risiko foar it sikefûns heger.
In lytse hûndert Fryske handikapten dogge mei oan de lanlike aksje om omtinken te freegjen foar de problemen. By acht wenfoarmen en aktiviteitesintra sille de minsken har fêstketenje oan de ynstellings. Dat dogge se troch harsels mei reade linten oan elkoar en oan de ynstelling fêst te binen.