Nij berne-iepenloftspul bekend

© Omrop Fryslân
It berne-iepenloftspul fan Easterwierrum spilet takom jier it stik 'De fyfde dei', skreaun troch Mindert Wynstra. It stik giet oer bern fan groep 8 dy't in kado keapje sille foar har master.
Om dat te bepraten sprekke se ôf by in keet. Dêr bart fiif dagen lang fan alles. 'De fyfde dei' giet op 19 juny 2004 yn premjêre. It stik wurdt regisearre troch Marius del Grosso en Rieneke Heeringa.