Kafee út 1782 weriepene

16 nov 2003 - 00:00

Ien fan de âldste kafees fan Fryslân is sneon weriepene. It giet om it kafee d'Oude Oost yn Grou. Yn 1782 al siet der in hoarekagelegenheid yn it gebou. De lêste jierren wie der in winkeltsje yn festige mei maritime kurioasa.

Ofrûne simmer waard de winkel sletten. No is it gebou yn hannen kommen fan de eksploitanten fan hotel-restaurant Oostergo. De iepening waard sneon dien troch âld-Grouster Harmen Roeland en SKS-skipper Berend Mink fan Grou.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)