Sweltsjes-ONS: 0-0

© Omrop Fryslân
De wedstryd Ljouwerter Sweltsjes - ONS yn de sneons-earsteklasse einige sneon yn 0-0. De Sweltsjes hiene yn de earste minuten fan de wedstryd noch wol wat kânsen, mar dy waarden net omset yn doelpunten. Itselde jilde foar ONS, dêr't Sandor van der Heide wer yn de basis stie.
De einstân 0-0 betsjut puntferlies foar ONS. De Ljouwerter Sweltsjes hawwe no tweintich punten út tsien wedstriden.