Dochs kantine op kamping Lemmer

© Omrop Fryslân
Der komt dochs in nije kantine op de gemeentlike kamping fan de Lemmer. Dat hawwe B&W fan Lemsterlân besletten. Al hast fiif jier binne der plannen om in nij sintrumgebou op de kamping del te setten. Dêr soe gjin kantine yn komme, omdat soks finansjeel net útkinne soe. De kampinggasten protestearren lykwols fel tsjin it ferdwinen fan de kantine.
Ut in enkête ûnder de gasten die bliken dat de measten ree wiene om ekstra foar de kantine te beteljen.