Appelhof: 'Leare fan flaters'

© Omrop Fryslân
Te let is reagearre op de gefoelens fan de jeugd oer bûtenlanners. Dat seit wethâlder Appelhof fan de gemeente Dongeradiel nei oanlieding fan de reboelje by it azc yn Dokkum mids oktober.
Appelhof siket mei klam de skuld ek by himsels. Neffens him moat de gemeente leare fan de flaters dy't der makke binne en foarkomme dat it wer bart. Dat troch it fieren fan kampanje rjochting de jeugd, âlderein en asylsikers.