'Belangen reizgers wichtich'

© Omrop Fryslân
By de diskusje oer it wol of net opheffen fan de spoarline tusken Ljouwert en Harns moat yn it foarste plak sjoen wurde nei de belangen fan de reizgers. Dat fynt wethâlder Miedema fan Frjentsjerteradiel.
As nei in yngeande diskusje bliken docht dat de trein bliuwe moat, dan is dat foar Frjentsjerteradiel gjin probleem. Alle oerheden moatte dan mei inoar de oanpassingen oan it spoar betelje.